Selstraf en tbs easke tsjin Marrumse dy't eigen hûs yn 'e brân stuts

In jier sel en tbs mei twangferpleging is der easke tsjin in 41-jierrige Marrumse dy't yn juny har eigen wenning yn 'e brân stuts. De frou hat psychyske problemen en soe net de juste help krigen hawwe, seit har advokaat.
De rjochtseal yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De advokaat fan de frou neamt de brânstichting yn har eigen hûs in "wanhoopsdaad". Neffens him krige se net de goeie help. De Marrumse woe harsels tekoart dwaan fanwege yngripende foarfallen yn har priveelibben en om't se har iensum en yn de steek litten fielde troch de helptsjinsten.
Se hie in steapeltsje kessens mei klean en kranten folle en yn 'e brân stutsen. De buorlju rûkten in brânlucht en sloegen alarm. Neffens de brânwacht woe de frou de wenning net ferlitte en waard se mei matras en al nei bûten ta sleept.

Psychyske problemen

De frou kampt al lange tiid mei psychyske problemen, en is by de GGZ al jierren yn byld. Se hat ek in oantal kear yn behanneling west, mar dat hat net it winske resultaat hân. Neffens gedrachssaakkundigen is der sprake fan slimme psychyske problemen en soe de frou langduorjend behannele wurde moatte. Om werhellingsgefaar werom te bringen soe in twongen behanneling de iennige opsje wêze.
De rjochtbank docht op 5 jannewaris útspraak.