RIVM meldt 196 nije besmettingen yn Fryslân

22 des 2020 - 15:18

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 196 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Dat binne der 94 minder as moandei, doe't der 290 fêststelde besmettingen meld waarden. Oer de ôfrûne sân dagen sjoen wurde der alle dagen gemiddeld 255 nije besmettingen meld.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

Yn de gemeente Ljouwert binne de measte nije besmettingen meld, nammentlik 42. Dêrnei komt de gemeente Súdwest-Fryslân mei 24. Ek opfallend is it hege tal besmettingen yn Achtkarspelen: 14.

Der is ien nij stjergefal meld as gefolch fan corona, in ynwenner fan Ljouwert. Der binne twa minsken mei it coronafirus opnaam yn it sikehûs de ôfrûne 24 oeren, sy komme út Weststellingwerf en De Fryske Marren.

Lanlik binne tiisdei 9.872 nije besmettingen meld. Moandei wiene dat der 11.199.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)