Rjochtsaak besykjen ta moard Dokkum útsteld fanwegen technyske problemen

De pro-formabehanneling fan de strafsaak tsjin in 35-jierrige Ferwerter, dy't fertocht wurdt fan brânstichting en it besykjen ta moard, is tiisdei net trochgong. Dat komt trochdat de byldferbining fan de rjochtbank mei it Pieter Baan Centrum (PBC) yn Utrecht it net goed die.
© Omrop Fryslân, Ben de Jager
Der wie wol in lûdsferbining mei it PBC, mar advokaat Maarten Eckhardt wegere om de saak allinnich mei lûd te dwaan. Syn kliïnt stie op de list om nei de rjochtbank brocht te wurden, mar dat is net trochgong.
De Ferwerter wurdt fan brânstichting en it besykjen ta moard fertocht. Yn de nacht fan 26 op 27 april soe de man brân stichte ha oan de Skâns yn Dokkum, nei't er de bewenster swier mishannele hie. De frou waard opnaam yn it sikehûs mei trije skedelfraktueren.
Yn de wenkeamer wie in bank yn 'e brân stutsen, wylst it 3-jierrige dochterke fan it slachtoffer noch yn it hûs wie. De Ferwerter is dyselde nacht noch oanholden, hy hie in koarte relaasje mei it slachtoffer. De man hat altyd sein dat er ûnskuldich is. De ferwachting is dat de saak yn maart 2021 behannele wurdt.