PvdA Hearrenfean oer faaisteand listlûkerskip Asscher: 'In yngewikkelde kwestje'

It rommelet binnen de Partij van de Arbeid. It listlûkerskip fan Lodewijk Asscher stiet faai. Der sirkulearret in brief fan de ôfdieling Hoeksche Waard (Súd-Hollân) dêr't yn steld wurdt dat Asscher troch syn rol yn de taslagge-affêre gjin listlûker mear wêze kin by de Twadde Keamerferkiezings yn maart. "Het is een schokkende affaire", leit Frans Bouwers fan de PvdA-ôfdieling yn Hearrenfean út.
© ANP
Asscher bea moandei syn ekskuses nochris oan op Facebook. Foar in oantal bestjoeren binnen de partij is dat net genôch. We leine de fraach foar oan de Fryske fraksjes fan de Partij van de Arbeid. Se woene net allegear in taljochting jaan, mar neame it in 'yngewikkelde kwestje'.

Leauweardigens

By de foarige Twadde Keamerferkiezings lijde de PvdA in flinke nederlaach: de partij gie fan 38 nei 9 sitten. Oan listlûker Asscher de ôfrûne fjouwer jier de taak om de partij der wer boppe-op te krijen. Dêrom is it no ekstra prekêr dat syn posysje, krekt foar de ferkiezings, faai stiet. "De vraag is of hij nu nog geloofwaardig is als lijsttrekker", seit Bouwers. "Het schokkendst vind ik dat burgers zo ondergeschikt zijn gemaakt aan het systeem."
De Feanster ôfdieling neamt de eksuzen fan Asscher 'ynteger'. Bouwers: "Maar daarmee wil ik het niet afdoen. Er moet natuurlijk nog een politieke afweging komen in het landelijke partijbestuur. Als hij af wil treden of het partijbestuur zegt geen vertrouwen meer in hem te hebben, kunnen wij ons daar alles bij voorstellen."

"Hoofd koel houden"

Bouwers wol de saak net ôfdwaan as in simpele flater. "Dit is meer dan een fout. Dit is politieke ongevoeligheid en dat vind ik hem heel erg aan te rekenen", seit Bouwers. Hy en it Feanster fraksjebestjoer fine it in tige drege ôfwaging. De fraksje seit it stânpunt fan it lanlike partijbestjoer en it kabinet ôf te wachtsjen. "Tot die tijd moeten we het hoofd koel houden."

Opfolger

As mooglike opfolgers foar Asscher wurde boargemaster fan Rotterdam Ahmed Aboutaleb en Twadde Keamerlid Lilianne Ploumen neamd. Op de fraach wa't de funksje oernimme moatte soe as Asscher falt, hat Bouwers noch net fuort in antwurd. "Ploumen en Aboutaleb zouden dat beiden zeker kunnen. Maar Asscher kan het ook. We moeten ons ook afvragen of zijn vertrek iets oplost. Het is vooral belangrijk dat we dit soort fouten uit het systeem halen. Eerst gaat het om de vraag wat er met Asscher moet gebeuren en hoe hij er zelf in staat."
Frans Bouwers fan PvdA yn de gemeente Hearrenfean