Weststellingwerf wol trije ton út regiodeal ynsette foar slûzerûte

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Weststellingwerf wol 300.000 euro út de Regiodeal Zuidoost Friesland ynsette foar in slûzerûte. De kuier- en fytsrûte by monumintale slûzen del is ûnderdiel fan it projekt Zuidelijke Poort, dat it gebiet oantrekliker meitsje moat foar besikers.
© Wikimedia Commons, Willemjans
De fytsrûte giet by de Scheeneslûs en Driewegslûs by Nijetrine en de Sasslûs by Blesdike del. Mei de 300.000 euro wurdt de Sasslûs ynkoarten opknapt. De gemeente wol mei it projekt Zuidelijke Poort de oantreklikens fan de Driewegslûs en omjouwing fergrutsje.
It gebiet Driewegslûs krijt in saneamde bettere ûntfangstfunksje. Yn de direkte omjouwing komme der mear rekreative foarsjennings, dy't it foar toeristen oantrekliker meitsje om langer te bliuwen.

15 miljoen fan it Ryk

It Ryk draacht yn de Regiodeal Zuidoost Friesland 15 miljoen euro by. It Ryk stelt as betingst dat gemeenten der ek sels jild yn stopje. Weststellingwerf sil dêrom ûnder oare de oanliskapasiteit yn de haven op it westlike eilân by Driewegslûs ferbetterje en útwreidzje en de kuier- en fytspaden yn De Rottige Meente ferbetterje.
De totale kosten fan de wurksumens yn de kofinansieringsprojekten bedrage 425.000 euro. Dêrfoar is in begruttingswiziging nedich. De gemeenteried nimt dêr op 25 jannewaris in beslút oer.

Quick win

Dêrnei moatte de wurksumens sa rap as mooglik úteinsette, om't de bydrage fan de regiodeal in saneamde quick win is. Dat betsjut dat sawol it opknappen fan de Sasslûs as de kofinansieringsprojekten foar 31 desimber 2021 útfierd wêze moatte.