Ek FNP en FvDF wolle 'Jeugd-Obe'-priis foar Fryske taalbefoardering

22 des 2020 - 11:05

In 'Jeugd-Obe'-priis foar de bêste Fryske oersetting fan jeugdliteratuer: neffens de FNP en Forum Fryslân soe dat in goede stimulâns wêze om it Frysk te befoarderjen. Sy stelle hjiroer fragen yn de Provinsjale Steaten. De sjuery fan de Obe Postmapriis kaam earder sels mei de oanbefelling om in 'Jeugd-Obe' yn it libben te roppen.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Sijbe Knol fan de FNP en Albert van Dijk fan Forum Fryslân tinke dat de provinsje mei it stimulearjen fan Fryske oersettingen in goed resept yn hannen hat. Sa wie de Fryske oersetting fan de Pippi Langkous rôversguod. De partijen tinke dat de taalbefoardering mei dizze stimulâns foar mear Fryske oersettingen in slinger krije kin.

De oersetter fan Pippi Langkous, Martsje de Jong, is sels ek in foarstanner fan mear Fryske jeugdliteratuer: "Bern moatte de wichtige titels út de wrâldliteratuer yn harren eigen taal lêze kinne", sei se earder.

(Advertinsje)
(Advertinsje)