Undernimmers yn lockdown: "De buertsuper is it sosjale hert fan it doarp"

22 des 2020 - 10:40

De bestellingen by supermerk 'Alles ûnder ien dak' wurde troch hiel Fryslân riden. Neffens Sjouke Wijnsma, de eigener fan de winkel yn Eastermar, wurdt der al sûnt it begjin fan de coronatiid in protte besteld. Der steane neffens him gelokkich altyd minsken klear de bestellingen rûn te bringen: "Se steane yn de rige. Ik hoech mar in beltsje te dwaan, en dan stiet der binnen in oere ien klear om eat rûn te bringen."

Undernimmers yn lockdown

Krekt as alle moarnen, stie Wijnsma tiisdei al betiid yn de winkel om de oven fol te smiten. It is neffens him net in minne dei kwa bestellings. "Wy geane fan Drachten nei Ferwert, oeral komme wy hjoed."

It tal bestellingen is wol groeid sûnt it begjin fan de coronakrisis. "Dat binne allegear coronaklanten, dy't wy oerholden hawwe fan maart, april." Dat is fan Eastermar út wol in ein út de wei, mar Wijnsma fertelt dat de winkel troch de hiele provinsje hinne besoarget. "Der is gjin plak yn Fryslân dêr't wy net komme."

Efkes skilje

Dat der in protte bestellingen binne, is dus net mear frjemd foar de supermerk. Dat komt neffens Wijnsma ek om't minsken by harren neist online ek telefoanysk bestelle kinne. "Wy pakke alle manieren op. Dat diene wy altyd al, mar dan wie it mear út de regio wei. Ik tink dat wy no sa'n fyftich, sechstich klanten hawwe. Wy binne mar lyts, dus wy hawwe de hannen fol om dat alle wiken rûn te krijen."

Dat hy op meardere wizen te berikken is, is neffens him dan ek wat de buertsuper fan de 'grutte jonges' ûnderskiedt.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Ferslachjouwer Johanna Brinkman mei Sjouke Wijnsma

"Ik ha altyd al sein, wy binne in lytse Calimero. 'Jij bent groot, maar ik ben klein'", sa seit Wijnsma oer de relaasje tusken syn winkel en grutte supermerkketens. "Sa'n winkel is it sosjale hert fan it doarp", sa seit er. De praatsjes geane al gauris oer it nijs, fan persoanlike sykteberjochten oant de sitewaasje yn Ingelân oan ta. "Der is altyd wol eat om hjir te bepraten."

Kearside

Mar, ek al is der mear klandyzje as oars, der sit fansels ek in oare kant oan it ferhaal. Mei mear klanten komt ommers ek mear risiko. "Ik fyn it wol spannend", sa seit Wijnsma. "Wy moatte wol sûn bliuwe, foar de winkel. Ast net sûn bist, en rekkest bygelyks yn karantêne, dan moat de winkel wol ticht. En dat is fansels in finansjele strop."

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Ferslachjouwer Johanna Brinkman yn de supermerk yn Eastermar

(Advertinsje)
(Advertinsje)