Meindert Seffinga nije direkteur Historisch Centrum Leeuwarden

22 des 2020 - 10:25

Meindert Seffinga wurdt de nije direkteur fan Historisch Centrum Leeuwarden (HCL). Seffinga is fan hûs út histoarikus en wurket sûnt 2005 as direkteur fan it Fries Scheepvaart Museum yn Snits.

Meindert Seffinga - Foto: Martin de Jong Fotografie

Earder wurke Seffinga by it Rijksarchief Friesland. Hy begjint op 15 maart by it HCL en is dêr de opfolger fan Geart de Vries, dy't yn febrewaris 65 jier wurdt en dat in moai momint fyn om op te hâlden.

It HCL hat sa'n 25 meiwurkers en 120 frijwilligers. Ek it behear fan it Pier Pander Museum en de Aldehau falle ûnder it HCL. Meindert Seffinga is foardroegen troch de gemeente Ljouwert, dy't it argyf by Historisch Centrum Leeuwarden lizzen hat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)