NHL Stenden organisearret online krystaktiviteiten foar iensume studinten

22 des 2020 - 09:32

NHL Stenden sil iensume studinten yn de krystfakânsje opfange mei online aktiviteiten. De hegeskoalle wol foarkomme dat de studinten allinnich thús komme te sitten no't der reisbeheinings binne yn ferbân mei it coronafirus.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Sa'n fyftich studinten hawwe neffens de hegeskoalle gehoar jûn oan de oprop om tegearre tiid troch te bringen yn de krystfakânsje no't se net by harren famylje en freonen wêze kinne. It giet foar it grutste part om ynternasjonale studinten, mar ek om inkelde Nederlânske studinten mei kwetsbere famyljeleden.

NHL Stenden hat in ferskaat oan online aktiviteiten organisearre lykas in kofjemomint, in yoga-sesje en in pubquiz. Ek kinne de studinten tegearre online studearje. Op 24 desimber kinne de studinten in dinner box ophelje en op Earste Krystdei tegearre itensiede mei ynstruksjes fan in kok fia Teams.

Der is ek in moetingspunt yn it Campus Café foar (kwetsbere) studinten dy't lije ûnder de iensumens en dy't net genôch foldwaning helje út de online aktiviteiten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)