Kollum: "De switlucht fan in kollega"

22 des 2020 - 08:36

"Kaniel, dinnegrien, krûdnagel en de oaremoarnske walm fan in jûn goermetsjen. Sûnder it te beneamen, witte jim al dat dat de geuren fan 'e krysttiid binne. Wy steane net faak stil by wat wy rûke, wylst it slim bepalend is foar hoe't wy de wrâld belibje.

Willem Schoorstra - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Willem Schoorstra

It rûken is, krekt as it sjen en it hearren, in oriïntaasjemiddel. Ast de pizza te lang yn de oven sitte litst, rûkst dat it mis is en witst wêr'tst wêze moatst. Kringt jin by in blok om op 'e fyts de penetrante lucht fan gloar yn de noas, kinst der wis fan wêze datst by in bûtendoarswimbad yn 'e buert bist.

It rûken is in tiidmasine. De lucht fan in peteroaljestel transportearret my nei it efterhûs fan pake en beppe, dêr't stoofparkes of triedsjefleis stiet te soarjen. De sterke pipermuntsjelucht fan toskpoetsersguod bringt my werom nei it momint dat ik foar it earst myn wiete lape yn de mûle fan in famke hong.

Troch it rûken fiele wy ús thús yn de wrâld. Tink oan de rook fan farsk meand gers, oan farsk bakte bôle, oan dy fan kofje en appeltaart, fjilden fol kamille of lavindel. No't op 't heden in protte minsken troch corona harren rook kwyt binne, wurdt it belang fan geur en rûke kinne hieltyd dúdliker.

Wat dat oangiet komt it projekt Odeuropa krekt op 'e tiid. Yn dat projekt sille wittenskippers safolle mooglik geuren út it Europeeske ferline yn kaart bringe én neimeitsje. It doel is om in grutte geurdatabank te kreëarjen, in iepenbiere online ensyklopedy, dy'tst trochsykje kinst op geurstoffen en de ferhalen en plakken dy't dêrby hearre. De folgjende stap yn dat projekt is om de ferlern giene geuren op 'e nij yn 't libben te roppen. Dat sille geurhistoarisy dwaan, holpen troch aromaspesjalisten fan in grutte produsint fan geur- en smaakstoffen.

Yn 2015 hat der al in soarte fan test west. Doe wie der in saneamde 'geurtoer' yn it Ryksmuseum by it skilderij 'De slag bij Waterloo'. Men rûkte hynders, lear, wiete grûn, sompich gers, buskrûd en Napoleon syn parfum Aqua Mirabilis. It mingsel befette ek eangstswit, skerper en yntinser as gewoan swit. Troch al dy geuren fielden besikers harren sterker belutsen by it tafriel. Se bleaune langer by it skilderij stean, praten der mei-inoar oer en ûnthâlden better wat se sjoen hiene.

De tiidmasine is der en it fartúch hjit geur. It sil net lang mear duorje of jim kinne de inket fan Gysbert Japix syn pinne rûke, it stiel fan Pier Gerlofs syn swurd, it parfum fan Saskia van Uylenburgh dêr't se Rembrandt mei betsjoende en dy fan de ûnderklean fan Mata Hari. Mar ek dy fan in iepen rioel, dy fan in sjippesiederij, dy fan in slachterij en dy fan in learloaierij.

Minsken dy't net mear rûke kinne, hawwe faker lêst fan depressive klachten. Dat betink jim: salang't jim de ûnhuere switlucht fan in kollega gewaarwurde of de putlucht fan in stikeme skeet: wês bliid, alles wurket noch, it giet goed."

(Advertinsje)
(Advertinsje)