Sint-Thomaslieden Ketlik giet troch, fakkeloptocht en midwintermerk skrast

22 des 2020 - 08:21

Fanwege it coronafirus wie it efkes ûndúdlik oft de tradysje fan it Sint-Thomaslieden yn Ketlik dit jier wol trochgean koe. Pleatslik Belang Ketlik hat lykwols grien ljocht krigen fan de gemeente en wa't it wol, mei op eigen manneboet gewoan de klokken liede. De aktiviteiten deromhinne, de fakkeloptocht en de midwintermerk, binne wol skrast.

De klokkestoel fan Ketlik - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

It is in iuwenâlde tradysje, dy't hjoed-de-dei noch mar yn twa Fryske doarpen bestiet: it Sint-Thomaslieden. Ynwenners fan Ketlik liede tusken 21 desimber en âldjiersdei de klokken fan de klokkestoel om kweade geasten te ferdriuwen.

Dit Sint-Thomaslieden wurdt dien fan 21 desimber ôf, de dei fan Sint Thomas. It wurdt ek wol 'plúslieden' neamd en de tradysje is inkeld yn Aldhoarne en Ketlik noch. De keunst is om de klokken te lieden yn in ritme dat goed op inoar ôfstimd is, al kinne net in soad minsken dat mear.

Op eigen manneboet

Moandei hat Pleatslik Belang Ketlik kontakt hân mei de gemeente Hearrenfean. It lieden mei trochgean as minsken har oan de coronaregels hâlde. "De gemeente wie aardich kûlant. De coronamaatregels binne dúdlik en dêr moatte we ús by it kloklieden ek oan hâlde", seit Harm Wierda fan Pleatslik Belang Ketlik.

Pleatslik Belang sil dêrom oanwizingen ophingje by de klokkestoel, sadat minsken genôch ôfstân hâlde. It skeelt dat it lieden fan de klokken faak op eigen manneboet bart, en net in grut barren is mei in soad minsken tagelyk. "As it wol de spuigatten útrint mei publyk, kinne we altyd noch sjen hoe't we dat oanpakke", seit Wierda.

Gjin oare aktiviteiten

De fakkeloptocht lûkt lykwols wol in soad publyk. Dêr dogge alle jierren in soad bern en folwoeksenen oan mei. Ek de midwintermerk om de tsjerke fan Ketlik hinne is fan de baan. Dochs is Pleatslik Belang der bliid mei dat it kloklieden noch wol trochgean kin. Minsken binne wolkom tusken 8.00 en 22.00 oere.

Harm Wierda fan Pleatslik Belang Ketlik

(Advertinsje)
(Advertinsje)