Trainer Jan-Piet Bosma jier langer by Harkemase Boys

Fuotbalklup Harkemase Boys giet takom seizoen fierder mei deselde technyske stêf. Trainer Jan-Piet Bosma stiet opnij mei syn assistint Willem van Kammen foar de groep. Bosma is op it stuit dwaande oan syn earste seizoen by de Harkiten. Under syn lieding hat Harkemase Boys noch net ferlern.
Jan-Piet Bosma © Orange Pictures
Bosma (58) makke ôfrûne simmer de oerstap fan HHC Hardenberg, dêr't er fiif jier lang assistint-trainer wie. De Harnzer wûn mei Harkemase Boys twa bekerwedstriden en de ploech pakte sân punten út de earste trije wedstriden yn de tredde difyzje. Dêrnei kaam it seizoen stil te lizzen fanwege it coronafirus.
Van Kammen wie foarich jier earst assistint fan Hans de Jong. Nei't dy fuortgong, makke Van Kammen it seizoen ôf mei Willem Brouwer en Klaas Schotanus. Ek alvetallieder Aize Spinder en keeperstrainer Remco van der Veen bliuwe yn it seizoen 2021/2022 by de klup.