Soad reek by skipsbrân yn Dokkumer Nije Silen; gjin ferwûnen

22 des 2020 - 06:29

In skip by Dokkumer Nije Silen is moandeitejûn skeind rekke nei in brân. It skip lei krekt foar de slûzen dêr.

Foto: De Vries Media

Doe't de brânwacht arrivearre, kaam der al in soad reek út it skip. De brânwachtkorpsen fan Kollum en Zoutkamp waarden ynset om de brân te dwêsten. Dat fan Eanjum hoegde net ynset te wurden en koe werom nei de kazerne.

Mei in brânwachtboat waard fan it wetter ôf besocht it fjoer út te meitsjen. De brân wie frij rap ûnder kontrôle. De brânwacht hat noch in skoftke oan it neidwêsten west. Foar safier bekend, rekke der gjinien ferwûne. Hoe't de brân ûntstean koe, is ûndúdlik.

(Advertinsje)
(Advertinsje)