Earedifyzje sealfuotbal mei foarearst noch net wer úteinsette

21 des 2020 - 22:46

De kompetysjes yn de earedifyzje fan it sealfuotbal sette foarearst noch net wer útein. Dat jildt sawol foar de manlju as de froulju, meldt de KNVB. It is it resultaat fan oerlis tusken de ferieningen út beide kompetysjes en it fuotbalbûn. Yn Fryslân spylje de froulju fan Drachtster Boys en Libertas yn de earedifyzje.

De sealfuotbalfroulju fan Libertas yn sporthal De Boppeslach yn Damwâld - Foto: Omrop Fryslân, Freark Wijma

De klups yn it sealfuotbal wolle graach wer oan de slach, mar kinne om finansjele en praktyske redenen net foldwaan oan alle jildende rjochtlinen foar topsportkompetysjes. As de coronamaatregels ferromme wurde, sil der opnij besjoen wurde wat de gefolgen binne foar it restant fan de kompetysje, lit de KNVB witte.

Sûnt 17 desimber meie topsporters wer aktyf wêze yn de kompetysjes, want ûnder betingsten is it tastien om yn grutte groepen te trainen en wedstriden te spyljen. Earder ûntstie der betizing oer oft dat ek jilde soe foar de sealfuotbalfoulju.

(Advertinsje)
(Advertinsje)