Megagrutte krystkaart soarget foar ferbining yn Aldegea (SWF)

21 des 2020 - 21:48

It wie in wyld idee fan in freondinneploech yn Aldegea (SWF): mei in krystkaart fan 10 by 3 meter ferbining bringe yn dizze nuvere tiden. It idee waard wurklikheid en no stiet de megagrutte krystkaart der as blikfanger op it sintrale eveneminteterrein yn it doarp. It is in sukses ûnder de doarpsbewenners.

Op de krystkaart stean mear as 250 wite krystballen. Alle doarpsbewenners wurde oproppen om de kommende dagen de krystballen te foljen mei in orizjineel liet, gedicht, tekening of winsk. Doel is dat alle Aldegeasters fol goede moed oan it nije jier begjinne kinne. Jûns is de krystkaart ferljochte en ek by rein komme de minsken even by de kaart te sjen. "Dêr wurde je hooplik wat bliid fan", seit ien fan de inisjatyfnimsters Wiepie Woudstra.

"Geweldich, hartstikke moai", seit in doarpsbewenster fol entûsjasme oer it inisjatyf. "En hy komt hieltyd foller mei teksten en spreuken. It is in aardichheid as je hjir foarby rinne. Dan lêze je even en tinke je: o ja, dy hat der ek wat op set. Dat is superleuk!" Sy wit ek al wat se op de kaart skriuwe sil. "Genietsje fan alles wat je wol ha en sjoch nei de moaie dingen. En hâld de moed deryn. Dat woe ik der op sette."

Coronaproof kuiertocht

Yn it doarp wurdt dizze wike ek noch in coronaproof kuiertocht organisearre, mei de enoarme krystkaart as startpunt. "De dei foar kryst, de 24e, oant en mei de sneins, de 27e, kinst it rinne op dyn eigen tiid fan middeis fjouwer oere oant jûns alve oere", leit Woudstra út. Under it rinnen is der fan alles te sjen. "En it is allegear achter de ruten en op skermen, mei lûd en filmkes."

Ferslachjouwer Willem de Vries praat mei Wiepie Woudstra

Jong en âld yn Aldegea skriuwe wat op de megagrutte krystkaart

(Advertinsje)
(Advertinsje)