Hoe gean Fryske tsjerken om mei corona en de krystdagen?

21 des 2020 - 20:14

In digitale tsjinst, in ferfilming fan in modern krystferhaal of in koar troch de hiele stêd? Elke tsjerke yn Fryslân giet oars om mei de krystfiering dit jier. It Interkerkelijk Contact in Overheidszaken (CIO), dêr't 31 tsjerkemienskippen by oansletten binne, jout it advys om safolle mooglik thús te bliuwen. Mar hoe't tsjerken hjir ynfolling oan jouwe, is oan harren.

Krystfieringen yn coronatiid

It CIO advisearret de tsjerken om de krystnachttsjinst net fysyk te dwaan, mar om dy online út te stjoeren. Neffens predikant Wim Beekman fan de protestantske tsjerke yn Fryslân reagearren de Fryske tsjerken mei twa wurden: 'jammer' en 'begrijpelijk'. "Jammer, want we gaan het echt missen. Maar ook heel begrijpelijk, want de besmettingen nemen toe, ook in Fryslân. Het is niet verantwoord om dan allemaal samen te komen in de kerk."

'Risicovol'

Beekman fynt it dan ek spitich dat der noch hieltyd tsjerken binne dy't tsjinsten mei hûnderten minsken organisearje. "Ik denk dat dat risicovol is. Zeker omdat naar de kerkdiensten ook heel veel ouderen komen, mensen met een broze gezondheid. Dan denk ik dat het niet verantwoord is."

Lege tsjerken op krystjûn troch it coronafirus - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Ferslachjouwer Timo Jepkema mei classis predikant Wim Beekman fan de protestantske tsjerke yn Fryslân

De PKN-gemeente Berltsum nimt yn it foar filmkes op en stjoert dy op krystjûn 24 desimber út. Skoalbern mei krystballen en krystwinsken, in preek en muzykferiening Opmaat út Berltsum binne te sjen yn de film. Mar dêr wie wol wat kreativiteit foar nedich. Inisjatyfnimmer Carlijn Niesink hat sels in kamera kocht en hat it yn mekoar setten fan de filmkes harsels oanleard.

Bern nimme alfêst in krysttsjinst op - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

De Pax Christi-parochy fan Dokkum en Burgum hat derfoar keazen om de krystnachttsjinst te streamen. Mar op beide krystdagen is moarns wol gewoan fysyk in tsjinst. De parochy koe nammentlik mar ien kear in stream betelje. By dy tsjinsten kinne maksimaal tritich minsken komme. As der mear oanmeldingen binne, wurdt der lotte en sjoen nei minsken út ien húshâlden.

Grutte ynvestearring

Classispredikant fan de Protestantske tsjerke Fryslân Wim Beekman herkent dit byld. "Voor sommige gemeentes is het lastig om te beginnen met een online kerkdienst, maar er zijn wel steeds meer kerken die beginnen na te denken om toch te investeren." Neffens Beekman meitsje guon gemeenten dizze kar no pas omdat it foar harren in grutte ynvestearring is om de tsjinst online út te stjoeren. "Daar komt bij dat veel kerken verwijzen naar de kerkdiensten van Omrop Fryslân. Dan hebben ze minder de noodzaak om het zelf te regelen."

Modern krystferhaal

De PKN-gemeente fan it Fryske doarp Muntsjesyl en it Grinslanner doarp Lauwerzijl hat ek in online stream op krystnacht. De jongeren ha sels allegear filmkes makke en fertelle in moderne fariant fan it Bibelferhaal. Dus net Jozef en Maria op in ezel, mar yn in elektryske auto.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Sjoch om dy hinne

De Vrije Baptistengemeente Bethel yn Drachten woe in bernekrystfeest organisearje, mar hat dit ôfsein fanwege de lockdown. Der komt no in digitale tsjinst mei in berneprogramma en in tsjinst op krystnacht. De Bethel ropt op, om om dy hinne te sjen nei minsken dy't allinnich binne en harren út te nûgjen om nei de tsjinst te sjen.

Krystferskes

Yn Boalsert pakke se it dizze krystdagen hiel oars oan. De protestantske tsjerke ropt minsken op, om op krystjûn op de hoeken fan de strjitten en pleinen bekende krystferskes te sjongen yn lytse groepkes mei de eigen húshâlding.

Omrop Fryslân stjoert krystnacht live op telefyzje en ynternet in ekstra tsjerketsjinst út, in spesjale krystnachttsjinst. Ut de Martinitsjerke yn Frjentsjer wei is dûmny Margerithe Veen de foargonger. De tsjinst begjint om 23.00 oere.

Earste krystdei binne wy wer yn de Martinitsjerke yn Frjentsjer. Moarns om 10.00 oere mei in ekstra tsjerketsjinst en middeis om 17.00 oere mei it krystkonsert Thús mei Kryst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)