SportCast: "Sipke Hulshoff moat kieze tusken Ajax of Feyenoord"

21 des 2020 - 19:21

Der is wer in hiel soad te bepraten yn de nije SportCast: de nederlaach fan SC Hearrenfean, de krekt útbrochte jiersifers fan de klup, feestende supporters yn Ljouwert en SC Cambuur dat mei sân kompetysje-oerwinningen op rige de winterstop yn giet. En dan wie der noch de kontraktferlinging fan Mitchel Paulissen, wylst hy dêr ferline wike noch tige geheimsinnich oer die.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen. Fynst der ek de podcastôfleveringen oer 100 jier SC Hearrenfean, mei ferhalen út it ferline.

No't Feyenoord wrâldkundich makke hat dat Arne Slot dêr folgjend seizoen trainer wurdt, begjint it spekulearjen oer syn assistint-trainers. Ien dy't foar dy rol yn byld komme kin, is Sipke Hulshoff. Mar, dy is no assistint-trainer fan Wim Jonk by FC Volendam. En foar Jonk soe ek belangstelling wêze fan bygelyks AZ en FC Utrecht.

Wat moat Sipke dwaan? Arjen de Boer wit it wol: "Hoe't Arne Slot oer fuotbal tinkt, dat fyn ik fernijend. Oan de oare kant hat Wim Jonk, as âld-Ajax-spiler, Volendam hiel goed fuotbalje litten. Ik tink dat hy op koarte termyn nei Ajax giet. As ik Sipke wie, soe ik by Wim Jonk bliuwe."

Nei Feyenoord?

Geert van Tuinen advisearret Hulshoff just om mei Slot mei te gean nei Feyenoord. "As der tasizzings dien binne oan Slot oer ynvestearrings yn de seleksje, dan soe ik Sipke sizze wolle: gean lekker nei Feyenoord. By Ajax libbest noch folle mear op in fulkaan. En ik ha ek it idee dat Sipke syn mentaliteit mear past by de dokwurkers as by de trendy Amsterdammers." Dêr slút Andor Faber him by oan: "Tuerlik, Sipke is in wâldmantsje."

De beide manlju hawwe Arjen de Boer oertsjûgje kinnen: "Oké, ik bin om. Sipke moat nei Feyenoord."

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)