Grinslanner flagge net projektearre op Aldehou, TikTok Tammo lûkt plan yn

21 des 2020 - 17:10

De Grinslanner flagge wurdt net projektearre op de Aldehou yn Ljouwert. TikTok Tammo woe dat foarinoar krije as tsjinaksje op it spyljen fan it Frysk folksliet út de Martinitoer yn Grins wei. Yn oerlis mei de gemeente Ljouwert hat de Grinzer influencer besletten om syn aksje net troch te setten, sa seit in wurdfierder fan de gemeente. TikTok Tammo hat sels ek witte litten dat syn plan net trochgiet. It net trochgean soe te meitsjen ha mei de coronamaatregels.

Foto: Omrop Fryslân, Oane Hoekstra

Beierdier Auke de Boer spilet yn desimber en jannewaris alle tiisdeis fersyknûmers. Dizze tiisdei spilet hy it Fryske folksliet om 12.40 oere yn Grins. It is in inisjatyf fan de Fryske studinteferiening Bernlef yn Grins. De opbringst giet nei de lokale Voedselbank en it ûnderhâld fan de Martinitsjerke. De studinteferiening hat yntusken mear as 2.300 euro ophelle mei it inisjatyf.

De aksje soarge foar flinke opskuor yn de stêd. Meardere Grinzer riedsleden reagearren op de aksje en wolle der fragen oer stelle yn de ried. In Grinzer kraanmasinist bea 1.250 euro om it folksliet fan Grinslân spylje te litten yn stee fan it 'Frysk bloed tsjoch op', mar sûnder resultaat.

TikTok Tammo hat no in alternatyf betocht foar syn Aldehou-plan, sa meldt RTV Noord. Hy daget Friezen út om oer harren grutskens hinne te stappen en de sin 'Bûter, brea en griene tsiis, wa't dat net sizze kin, is gjin oprjochte Fries' yn it Grinzersk op te nimmen en oan him troch te stjoeren.

(Advertinsje)
(Advertinsje)