FIDEO: 11 Andere Oorden op fleanfjild Drachten

21 des 2020 - 17:02

Bliuw thús, mei in waarm tekkentsje, in goed boek en wat lekkers derby om op te knabbeljen. It fleanfjild fan Drachten fielt moandeitejûn oan as in noflike wenkeamer. Dizze krysttiid bliuwe we allegear oan de grûn. Drachten is it achtste plak dat troch de keunstners fan it LUNA Collective yn it ljocht set wurdt. It is ûnderdiel fan 11 Andere Oorden.

11 andere oorden dei8

Op strikt geheime lokaasjes wurde oant de krystdagen op ferskate plakken yn Fryslân ljochtkeunstwurken toand. It binne plakken dy't net sa bekend binne, mar dêr't wol in moai ferhaal efter sit mei in gedachte dy't goed past by de krysttiid.

11 Andere Oorden is in ljochtkeunstprojekt fan LUNA Collective (yn oparbeidzjen mei Provinsje Fryslân), dat fertoand wurdt op alve lokaasjes yn Fryslân. Alle dagen op in nij, geheim plak. Efter elk projeksje sit in krystgedachte. Fanwegen de beheinende coronamaatregels mei der gjin publyk by wêze. In ympresje fan de ljochtprojekten is dêrom fan moandei 14 oant en mei tongersdei 24 desimber alle dagen fan 17.00 oere ôf te sjen op telefyzje en online by Omrop Fryslân of op www.friesland.nl/11oorden. Op earste krystdei folget in kompilaasje. Hjir binne alle oare fideo's te sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)