Stedhûs Boalsert sûnder toer, mar mei beam: werstel toer duorret langer as tocht

21 des 2020 - 16:18

It werstel fan de toer fan it stedhûs fan Boalsert is letter klear as pland. De toer is ûntmantele, omdat de konstruksje bot oantaaste wie troch de bûnte kjifkrobbe. Friso, it oannimmersbedriuw dat it werstelwurk útfiert, hat gemeente Súdwest-Fryslân witte litten dat de restauraasje in pear moannen langer duorje sil.

De planning wie dat de toer yn maart werompleatst wurde soe, mar dat wurdt no heal juny. Dat soe betsjutte dat de toer heal july wer hielendal klear is. De kosten binne dêrtroch ek heger, mar neffens de gemeente falt it noch binnen it budzjet dat de gemeente der foar útlutsen hat.

De earste parten fan de konstruksje binne al werompleatst. Yn stee fan de rest fan de toer, stiet der no in krystbeam boppe-op it stêdhûs.

Trefwurden: 
Boalsert stedhûs toer
(Advertinsje)
(Advertinsje)