Omrop TIP – Weromsjen mei Reitse, mei ek lekkere resepten

21 des 2020 - 16:00

Lekker ite en weromsjen op 2020. Dat docht ús eigen topkok Reitse Spanninga mei Friezen dy't it ôfrûne jier yn it nijs wiene. En fansels moatte de gasten ek oan 'e bak. Tegearre mei Reitse wurde de moaiste gerjochten foar it krystdiner en âld en nij makke. Fan moandei 21 desimber ôf op 'e telefyzje: Weromsjen mei Reitse.

Foto: Omrop Fryslân

Yn de earste ôflevering fan Weromsjen mei Reitse op moandei 21 desimber is reedrydster Femke Kok te gast. 2020 wie it jier fan har trochbraak. Dat freget om in feestlik foargerjochtsje. Tiisdei 22 desimber sjocht Reitse mei triatleet Stefan van der Pal werom op it jier wêryn't Van der Pal de Alvestêdetocht swimme wollen hie. Sy meitsje yntusken in fegetaryske sjampinjonragût.

It haadgerjocht foar it krystdiner makket Reitse op 23 desimber mei Baukje de Vries fan de Ierske pub yn Ljouwert, har bedriuw stiet al moannen stil. It neigesetsje stiet op 24 desimber op it programma. Reitse praat dan mei Margreet de Graaf, direkteur fan de GGD. Sy wie dit jier in soad yn it nijs om minsken by te praten oer de coronakrisis. Tegearre meitsje sy sûkeladeparren.

Noch mear lekker iten

Moandei 28 desimber is Reitse mei Sieta van Keimpema oan 'e slach mei in Thai Beef Salade. As wurdfierster fan de aksjegroep Farmers Defence Force stie Van Keimpema in soad yn de belangstelling dit jier. De deis dêrnei, op 29 desimber, stiet in fegetarysk foargerjocht op it programma. Tatiana Pratley, de nije artistyk lieder fan teäterselskip Tryater helpt Reitse dêrby. It haadgerjocht foar dit feestlike desimberdiner makket Reitse mei Tim Douwsma op woansdei 30 desimber. Syn drokke libben as sjonger en akteur stie ynienen stil troch de coronakrisis. En dan wie der noch #ikdoenietmeermee...

Oaljekoeken mei Henk de Jong

De 'grande finale' op âldjiersjûn is foar fuotbaltrainer Henk de Jong. Promoasje koe him eins net mear ûntgean mei Cambuur. Mar nei't de kompetysje fanwege de coronamaatregels earder as pland ta in ein kaam, stiene Henk en Cambuur mei lege hannen. Op in âldjiersjûn moat der fansels in gerjochtsje mei oaljekoeken makke wurde en is der sjampanje!

Reitse Spanninga

Sels oan de slach?

Alle resepten út it programma binne te finen op de webside (en ek út te printsjen): Omropfryslan.nl/weromsjenmeireitse.

Weromsjen mei Reitse is fan moandei 21 desimber ôf op 'e telefyzje om 17.15 oere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)