RIVM meldt minder nije coronabesmettingen yn Fryslân, mar trochsneed wol omheech

21 des 2020 - 15:26

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 290 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Dat binne der 32 minder as snein, doe't der 322 fêststelde besmettingen meld waarden. It trochsneed tal besmettingen oer de ôfrûne sân dagen is mei 4 omheech gien nei 244.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De gemeente Ljouwert giet no oan kop mei de measte besmettingen, nammentlik 57. Op it twadde plak stiet de gemeente Súdwest-Fryslân mei 45, folge troch Waadhoeke mei 39.

Der binne gjin nije stjergefallen meld en ek binne der gjin minsken mei it coronafirus opnaam yn it sikehûs de ôfrûne 24 oeren.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(Advertinsje)
(Advertinsje)