Cambuur Sjoernaal: Mei in 'Picasso'tje' fan Mühren de winterstop yn

21 des 2020 - 14:57

SC Cambuur giet troch de oerwinning by Excelsior mei in hearlik gefoel de winterstop yn. Mei in prachtige kopbal makke Robert Mühren de iennige en winnende treffer. Sels omskreau de Volendammer it nei ôfrin as in skilderwurk fan Pablo Picasso. De Ljouwerters hawwe no in wike frij, foardat de tarieding op de twadde seizoenshelte wer begjint. Op snein 3 jannewaris is FC Eindhoven de earstfolgjende tsjinstanner yn de kompetysje.

Sjoch hjirûnder nei it lêste Cambuur Sjoernaal fan 2020:

(Advertinsje)
(Advertinsje)