Mona Smith Kramer oer de situaasje yn Londen: "Wy fiele ús in bytsje in paria"

"Wie gaat er mee naar Engeland varen? Engeland is gesloten, de sleutel is gebroken." It ferske liket wierheid te wurden. Ingelân sit op slot. En de kaai is dit kear net brutsen, mar leit yn hannen fan eksperts dy't in faksin meitsje kinne foar it coronafirus. Yn Ingelân is nammentlik in nije fariant fan it firus ûntdutsen dy't him noch rapper ferspiedt. En dus hawwe ferskate lannen de doarren ticht dien foar minsken út Ingelân. Sa ek foar Mona Smith Kramer, dy't yn Londen wennet. "It jout in opsluten gefoel. Wy fiele ús in bytsje in paria."
© ANP Foto
Krekt as yn Nederlân hat it regear yn Ingelân besluten om in hurde lockdown yn te fieren. "Alle winkels binne ticht", fertelt Mona. "Wy meie allinnich noch nei de winkel om boadskippen, mar de skappen yn de winkels reitsje stadichoan ek al leech. En wy meie te kuierjen." Op dit stuit is Mona's dochter út Nederlân wei yn Londen op besite. "Sy sit tsien dagen yn isolaasje, mar dat sitte wy sels úteinlik ek. Wannear't se werom giet, dat witte we noch efkes net."

Dûbele lockdown

Sa'n dûbele lockdown jout in hiel nuver gefoel, fertelt Mona. "Gewoanwei koenen wy altyd noch werom nei Nederlân, om't wy Nederlânsk staatsburger binne. It is in nuver gefoel dat wy no tsjinhâlden wurde." Stadichoan wurdt Mona in lyts bytsje benaud foar it nije firus. "Wy hienen earder in myldere lockdown, mar yn Londen gong it tal besmettings mar net nei ûnderen. Dat komt dus nei alle gedachten omdat it de nije mutaasje wie. Ik wurkje op in skoalle dêr't tûzenen learlingen omrinne. Ik gean aanst net mear ûnbefangen nei it wurk."

Lilkens

Mear minsken yn Ingelân binne benaud foar it firus, fernimt Mona. Mar op dit stuit oerhearsket lilkens. "Woansdei sei de Ingelske premier Boris Johnson noch: 'Kryst giet gewoan troch'. En trije dagen letter wurdt it ferbean. In hiel soad minsken hienen it itersguod al ynkocht. En minsken hienen al plannen makke. Myn sweager bygelyks mei net mear komme. Wy seagen it wol oankommen, dus nim dan earder in beslút. Stel sa'n lockdown net út oant krekt fan tefoarren."
Mona Smith Kramer wennet yn Ingelân