Ard de Graaf oer feestfierende supporters: "Dit kunnen we niet goedkeuren"

21 des 2020 - 13:45

"De manier waarop de steun van de supporters is geuit, kunnen wij niet goedkeuren". Dat is de reaksje fan Ard de Graaf, algemien direkteur fan Cambuur, op de feestfierende supporters fan SC Cambuur sneintejûn. In groep fan sa'n 200 supporters sammele by it Cambuurstadion nei't de Ljouwerter klup fan Excelsior Rotterdam wûn hie.

Ard de Graaf oer feestfierende supporters

Mei de winst fan snein, eindiget de Ljouwerter fuotbalklup nei de earste seizoenshelte boppe-oan de earste divyzje. Tal fan supporters wiene dit oan it fieren, mar de feestfierders holden harren, sa litte de bylden sjen, net oan de coronamaatregels en it fjoerwurkferbod.

"We keuren dit uiteraard niet goed"

"We zijn heel blij met de steun die we van de supporters en sponsoren krijgen in deze tijd die ook voor het voetbal heel ingewikkeld is. Maar de manier waarop ze die steun gisteravond hier op het Cambuurplein hebben geuit, kunnen we natuurlijk niet goedkeuren," sa seit Ard de Graaf. Henk de Jong hie earder op de dei fans noch it advys jûn om thús te bliuwen. In dúdlike 'kom net del', wie it lykwols net.

Foto: Omrop Fryslân

"Dat hadden we kunnen doen, en ik denk ook dat dat in deze boodschap verpakt zat", sa seit De Graaf oer de boadskip yn de fideo fan De Jong. "Ik denk dat, als we de boodschap niet hadden gebracht, dat het er nog misschien wel vijf- of zeshonderd mensen meer waren geweest. De mensen komen toch wel. Als we misschien niet bij het stadion terug waren gekomen, dan waren ze er vandaag geweest."

Iepenbiere romte

Om't de supporters harren op de iepenbiere dyk sammelen, seit de algemien direkteur dat de klup hjir gjin ferantwurdlikheid foar nimme kin. "Ik kan er niet voor zorgen dat mensen thuisblijven en niet op de weg bij een stadion gaan staan."

Neffens De Graaf, dy't ek yn de twadde seizoenshelte fan dit soarte gearkomsten fan supporters ferwachtet, hie de klup net mear dwaan kinnen. "Het enige wat we kunnen doen, is zo'n filmpje maken. Dat hoeven we niet te doen, want het gaat om een openbare weg. Maar dat doen we wel, omdat wij ook willen dat het rustig blijft en we niet in de problemen willen komen."

Ferslachjouwer Johanna Brinkman mei Ard de Graaf oer de feestfierende supporters

(Advertinsje)
(Advertinsje)