Organisaasjes ferrast troch nijs oer misstannen Neushoorn: "We zijn overvallen"

21 des 2020 - 17:34

"We zijn overvallen door dit nieuws."Dat seit Tamara Bok fan Ried fan Tafersjoch fan Neushoorn nei oanlieding fan de opskuor dy't ûntstien is oer it poppoadium yn Ljouwert. Neffens ûndersyk fan Liwwadders fine der slimme misstannen plak yn Neushoorn, wêrby't frijwilligers en stazjêres fan it Friesland College belutsen binne by drugsmisbrûk en seksaffêres. "Het beeld dat nu geschetst wordt, herkennen wij niet."

Undersyk nei mooglike misstannen by Neushoorn

Neffens in sjoernalist fan Liwwadders wurde frijwilligers en stazjêres fan it Friesland College troch technisy fan Neushoorn oantrune om drank en drugs te brûken. Ek soene se ferlieden wurde ta seksuele hannelings. Bok: "We zijn een aantal weken geleden benaderd door een journalist van Liwwadders. Deze journalist heeft geen naam en toenaam genoemd. We vinden dit uitermate vervelend. Daarom moet dit ook gedegen worden onderzocht. Elk geluid is er eentje te veel."

Kontakt mei de âld-direkteur

Koartlyn naam Yvonne Bleize ôfskied as direkteur fan Neushoorn. Om te efterheljen wat der krekt bard is, hat de Ried fan Tafersjoch kontakt opnaam mei Bleize. "Zij heeft ons ook van informatie voorzien van wat zij weet en hoe ze daarin gehandeld heeft", fertelt Bok. "Zover ons bekend is, hebben we preventief gehandeld op meldingen die zijn gedaan. Die meldingen zijn niet van het afgelopen jaar."

Folslein ûnbekend mei meldings fan problemen, is Bok dus net. "Daar waar mensen werken, gebeuren dingen. We hebben interne en externe vertrouwenspersonen. Natuurlijk zijn we geschrokken, vooral omdat we het beeld niet herkennen. We willen voor iedereen een veilige werkplek zijn."

Undersyk

Bok stiet dan ek folslein efter it ûndersyk dat sa rap as mooglik plakfine sil. "We hebben vandaag nog contact gehad met wethouder Hein Kuiken en het Friesland College. We hebben op 4 januari een afspraak staan om het onderzoek vorm te geven en op zo'n kort mogelijke termijn uit te voeren. We hebben allemaal belang bij een waarheidsgetrouw rapportage van wat er is gebeurd."

Tamara Bok oer de misstannen by Neushoorn

Poppoadium en kreative hotspot Neushoorn yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Friesland College ferrast

"Wij waren compleet verrast door het nieuws", seit wurdfierder fan Friesland College Jan Dijksma. Learlingen fan dy skoalle rinne staazje by Neushoorn. Sy folgje de oplieding D'Drive. "We hebben gelijk een onderzoek opgezet en met studenten gesproken. Zij herkennen dit beeld niet", seit Dijksma.

Friesland College wurket wol mei oan in ûndersyk. "We willen een veilig leerklimaat bieden voor de leerlingen. Dus moet de onderste steen bovenkomen."

Gemeente wol aksje

De gemeente Ljouwert ûndernimt aksje om dy stien boppe wetter te krijen. "We zijn enorm geschrokken van het nieuws", seit wethâlder Hein Kuiken. "We willen weten wat er gebeurd is en zullen begin januari met Neushoorn en het Friesland College om tafel. Dan stellen we een onafhankelijk onderzoek in. Voor de rest kunnen we niet te veel op de inhoud ingaan. We moeten afwachten wat de uitslag is en wanneer die komt."

Wethâlder Hein Kuiken fan Ljouwert en Jan Dijksma fan Friesland College

(Advertinsje)
(Advertinsje)