GGD Fryslân: "Het is te hopen dat we het maximum aantal besmettingen hebben bereikt"

21 des 2020 - 12:43

GGD Fryslân makket him grutte soargen oer it hege tal nije Fryske coronabesmettings. Snein waarden der mar leafst 322 nije Fryske besmettings fêststeld, in nij rekôr. "Je loopt steeds meer kans dat je tegen iemand met corona aanloopt. Dat is zeer zorgelijk", seit Everhard Hofstra fan de GGD.

Foto: Shutterstock.com (Horth Rasur)

It nije rekôrtal besmettings snein wie foar Hofstra in befestiging fan de soargen dy't der al earder wienen. "Dit is alleen maar een extra waarschuwing om je allemaal aan de maatregelen te houden." Hofstra ferwachtet lykwols net dat de ekstra maatregels fan de lockdown fuortendaliks effekt hawwe sille op it groeiende tal besmetttings. "De eerste effecten zien we op z'n vroegst volgende week. Ik hoop ook dat we die daadwerkelijk gaan zien. Het is te hopen dat we het maximum aantal besmettingen hebben bereikt."

Ingelske firusmutaasje

Njonken de soargen oer it tal besmettings yn Fryslân en Nederlân komt der ek noch in oar probleem by: de nije firusmutaasje yn Ingelân. "Een mutatie is een kleine verandering van het virus", leit Hofstra út. "We zien wereldwijd veel van dit soort veranderingen, maar deze mutatie in Engeland zorgt er voor dat het virus zich nog veel sneller verspreidt. Dat is wat we juist liever niet willen."

Ek yn Nederlân is dizze Ingelske fariant yntusken fêststeld. "We zijn nu aan het kijken hoe dit virus zich hier heeft verspreid. Dat geeft nog meer urgentie om het vaccin te introduceren om mensen te beschermen." De grutte fraach is fansels oft it faksin wol wurket by dizze nije mutaasje. "Het lijkt er wel op dat dit vaccin ook werkt bij dit soort mutaties", stelt Hofstra gerêst.

Testkapasiteit

Oeral yn de provinsje lykje de wachtrigen foar de coronateststrjitten hieltyd langer te wurden. Dochs is der kapasiteit genôch, seit Hofstra. "Momenteel doen we rond de 2000 testen per dag, maar we hebben capaciteit voor 5000. We hebben vandaag weer een nieuwe testruimte geopend in Heerenveen." Romte genôch dus, mar dochs lit lang net elkenien him teste mei mylde klachten, fernimt ek Hofstra. "We hebben wel het idee dat niet iedereen altijd komt met milde klachten. Aan iedereen het dringende verzoek om wél te komen om je te laten testen."

Minder mobyl

Benammen minsken dy't minder mobyl binne, bliuw faak thús mei mylde klachten. "We proberen mensen zo veel mogelijk naar de teststraat te laten komen", leit Hofstra út. "Als het echt niet anders kan, kunnen wij langskomen. Maar dat is niet altijd mogelijk in verband met onze capaciteit in de vorm van mensen." Ek mei de krystdagen foar de doar wol Hofstra elkenien op it hert drukke om de feiligens yn it each te hâlden. "Voor de kerst moet iedereen voor zichzelf van tevoren goed nagaan of er geen klachten zijn voordat je bij elkaar op bezoek gaat."

Everhard Hofstra oer it nije rekôrtal besmettings

Trefwurden: 
GGD Fryslân coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)