Wa hat in 3D-printer om in rekonstruksje te meitsjen fan de skedel fan Jonker Sicke?

Wa kin in 3D-print meitsje fan de skedels fan Jonker Sicke en syn famylje? Dat is de oprop dy't de stichting Mammema Hûs docht op Facebook. De stichting wol in rekonstruksje meitsje fan de holle fan Jonker Sicke van Dekema. Oant no ta wit net ien krekt hoe't dizze ferneamde jonker der út sjoen hat. Tiid om dêr feroaring yn te bringen.
Bonken út de grafkelder © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Jan Dirk van Ravensteyn oer de rekonstruksje fan de skedel fan Jonker Sicke van Dekema
Jan Dirk van Ravensteyn fan it bestjoer fan de Jellumer tsjerke fertelt dat se fan de tsjerke in 'beleef- en cultuurhuis' meitsje wolle. Ynspiraasje foar dat poadium wie Sicke van Dekema, wolst dy eins yn it ferjit rakke is. Sa is binne der net in soad portretten fan him en syn famylje te finen. "Waarschijnlijk zijn ze zo zuinig geweest dat ze zichzelf nooit hebben laten portretteren. De meeste adellijke mensen gaven daar wel geld aan uit. Misschien was hij wel een knijpstuiver, of dacht hij 'ik geef mijn geld wel uit aan vakantie'", laket Van Ravensteyn.

Forinsyske eksperts

Yn febrewaris waarden de bonken fan Van Dekema en syn famylje fûn ûnder de tsjerke fan Jellum. Dêrtroch is der no in kâns om it gesicht fan Jonker Sicke yn byld te krijen. "Zijn schedel wordt bewaard en forensische experts zijn er mee bezig om te onderzoeken wat er is gebeurd. Onze belangrijkste vraag is: hoe zag die man eruit? We zoeken nu iemand met een 3d scanner en printer om die schedels te reconstrueren om zo een portret van hem te maken", sa seit Van Ravensteyn.
Sicke van Dekema waard yn 1548 yn Jellum berne. As jongfeint reizge er nei Keulen, Spanje en Italië om te studearjen. Hy waard doktor yn de rjochten. Nei't syn mem yn 1575 ferstoar, waard hy eigener fan Mammema State yn Jellum. Op polityk mêd wie hy aktyf as lid fan it kolleezje en as ôffurdige yn kommisjes. Hy troude mei Hil van Tamminga en krige op syn minst njoggen bern. De measte bern ferstoaren jong, inkeld trije dochters waarden âlder. Yn 1625 ferstoar Sicke, fiif jier nei syn frou.
Mear ynformaasje is te finen op de blog fan grêfstien-saakkundige Hessel de Walle.