Jeugdhonk Minnertsgea hellet hast 5000 euro op foar behâld eigen plakje

21 des 2020 - 11:16

Hast 5000 euro; dat is it bedrach dat Hedzer Miedema, Nine Siegersma, Rinke Miedema en Mats Wagenaar ôfrûne wykein ophelle hawwe mei harren aksje om jild yn te sammeljen foar jeugdhonk 't Alibi yn Minnertsgea. Fan 18 oant 20 desimber hawwe de fjouwer jongeren harsels opsluten om radio te meitsjen om jild yn te sammeljen foar it behâlden fan harren eigen plakje.

Jeugdhonk 't Alibi yn Minnertsgea - Foto: Omrop Fryslân

Net allinnich ûndernimmers sitte op dit stuit sûnder ynkomsten, ek jeugdhonk 't Alibi yn Minnertsgea hat jildkrapte. Om't it honk al moannen ticht is, binne der gjin ynkomsten, wylst de fêste lêsten wol trochgean. Om jild yn te sammeljen betochten de fjouwer 15-jierrigen in eigen aksje. Se lieten harsels opslute yn it jeugdhonk om radio te meitsjen. Minsken koene fia in livestream de radio-útstjoering besjen en mei in lytse donaasje harren favorite plaatsje oanfreegje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)