Utpakke mei Omrop Fryslân: 8 programma’s dy’tsto net misse meist dizze feestdagen

21 des 2020 - 10:10

De tsjustere dagen freegje benammen yn dizze tiid om wat ekstra ljocht, wille en geselligens. Omrop Fryslân pakt dêrom út mei moaie programma's op radio, telefyzje én online. Wy sette de hichtepunten fan de feestdagenprogrammearring foar dy op in rychje.

Foto: Omrop Fryslân

Weromsjen mei Reitse

Sjef-kok Reitse Spanninga pakt út dizze perioade, mei hearlike gerjochten mar foaral ek mei moaie ferhalen yn Weromsjen mei Reitse. Femke Kok, Stefan van der Pal, Baukje de Vries, Margreet de Graaf, Sieta van Keimpema, Tatiana Pratley, Tim Douwsma en Henk de Jong stean fan moandei 21 desimber ôf by Reitse yn 'e keuken. Net allinne om in hearlik krystgerjocht te meitsjen, mar ek om it praten oer 2020.

Foto: Omrop Fryslân

Krystnachttsjinst, ekstra tsjerketsjinst én in krystkonsert

Omrop Fryslân stjoert krystnacht live op telefyzje en ynternet in ekstra tsjerketsjinst út, in spesjale krystnachttsjinst. Fanút de Martinitsjerke yn Frjentsjer is dûmny Margarithe Veen de foargonger. De tsjinst begjint om 23.00 oere.

Earste krystdei binne wy wer yn de Martinitsjerke yn Frjentsjer. Moarns om 10.00 oere mei in ekstra tsjerketsjinst en middeis om 17.00 oere mei it krystkonsert Thús mei Kryst. Under oaren oargelist Jochem Schuurman en sopraan Tetsje van der Kooi sille dêryn populêre krystnûmers hearre litte. Alle tsjinsten en it konsert binne te sjen op telefyzje.

Foto: Omrop Fryslân

Sis it mar!

Foar it earst is Omrop Fryslân tusken de krystdagen en âld en nij dei en nacht live op radio. Yn dizze Sis it mar!-dagen en -nachten stiet de hiele programmearring yn it teken fan fersykjes fan harkers. Minsken kinne ek fersykjes foar inoar oanfreegje en sa dochs in bytsje byinoar wêze. Sis it mar! is te hearren fan 27 o/m 30 desimber. Dyn fersyknûmer kinst WhatsAppe nei 06-20499199 of trochjaan fia de Omrop-app.

Dielnimmers meitsje kâns op in jukebox - Foto: Omrop Fryslân

Fryske top 100

It hichtepunt fan desimber, de Fryske top 100! Twadde krystdei is tradisjoneel de finale stimdei, fan 13.00 oant 18.00 oere op radio en telefyzje. En wa wurdt de nûmer 1? Dat hearre wy op 31 desimber yn de finale-útstjoering fan 06.00 oant 18.00 oere.

Foto: Omrop Fryslân

Podcasts om nei te harkjen

Podcasts kinst hearre wêr én wannear'tst wolst en dêrmei binne se tige geskikt foar de desimbermoanne. Nim no de rige Boekekast mei dêryn eksklusive ferhalen fan Fryske skriuwers, hearlik om efkes rêstich foar te sitten. Of de podcast Duizend Dagen, in podcast yn fiif dielen oer de bysûndere skiednis fan it tsjerke-asyl fan De Rottefalle. Duizend Dagen wie yn septimber fan dit jier de heechst notearre podcast yn de podcastgids 'VINK' fan NPO Radio 1.

Omrop Fryslân pakt út mei moaie programma's de kommende wiken. Mear tips en mear ynformaasje is te finen op Omropfryslan.nl/utpakke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)