Undernimmers yn lockdown: "Klanten passe harren krystoutfit oan de keukentafel"

Yn de etalaazje brânt de krystfersiering noch, mar de krystsfear is fier te sykjen by 'By Nico's Mannenmode' yn Boalsert. Sûnt ferline wike moandei binne de doarren ticht, om't kleanwinkels in net-essinsjele winkel binne. In flinke teloarstelling foar ûndernimmer Nico Galema. "It is skande dat we minsken net sjen litte kinne wat foar moais we yn de winkel ha. Wy dogge bot ús bêst om ús guod te ferkeapjen, mar dan bûten de winkel."
Undernimmers yn lockdown
It nijs fan de hurde lockdown kaam moandei hurd oan yn de kleanwinkel yn Boalsert. "Desimber is ús drokste tiid. Dan tinkst: 'shit, hoe moat ik dizze moanne fierder?' Dan giest 's nachts ompankoeken om wat te betinken om dochs ús klean te ferkeapjen." Krekt as kollega's kaam Nico mei it plan om syn klean online te ferkeapjen. "Dat giet poerbêst. Ik ha gelokkich in grutte fêste klantegroep dy't ús online folget. Ik ha tiisdei fuort de earste klean online setten."

Nije kolleksje

Nico iepene syn winkel yn oktober 2019. "Ik bin in jonge ûndernimmer, in moanne ticht betsjut in flink omsetferlies. Boppedat moat dizze krystkolleksje wol fuort, want begjin takom jier komt de nije kolleksje, dus dan moat de winkel wol leech wêze. Gelokkich ha wy ôfrûne wike in soad guod online ferkeapje kinnen. Wy stjoere pakketsjes op of besoargje by minsken thús. Us heit en mem helpe yntusken ek mei. Prachtich."
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Johanna Brinkman sjocht by Nico's Mannenmode
Nico hat tal fan bekende kleanmerken yn 'e winkel, dêr't er syn klanten op dit stuit bliid mei makket. Alles wat online besteld wurdt, pakt Nico yn en bringt dy by de klant thús. "De klant kin thús passe oan de keukentafel en wat er net hoecht, dat giet wer mei werom nei de winkel. Wy helpe minsken ek foar de krystoutfit. Wy dogge advys oan hûs, want in kolbertjaske ek, dat kinst net op de tafel dellizze en sykje mar út."

Passe oan de keukentafel

Nico krijt help fan syn heit en mem, dy't it guod besoargje. "Wy moatte fansels wol de maatregels yn acht nimme. Ik mei klanten net yn de winkel ûntfange, mar stilsitten sit net yn myn bloed. Mar it giet hartstikke goed, boppe ferwachting sels. Wy ha foarige wike ek nei klanten bûten de eigen provinsje west. Minsken sjogge op facebook ús moaie guod foarby kommen. Ik fernim dat in soad klanten dy't noch net by my yn de winkel west binne, ús no witte te finen."
Nico Galema fan By Nico's Mannenmode