Earste nacht nei needferoardering ferrint rêstich yn Twizelerheide: "It is knap gong"

21 des 2020 - 09:37

De earste nacht yn Twizelerheide is rêstich ferrûn nei't boargemaster Oebele Brouwer snein in needferoardering ôfjoech foar it gersfjild oan de Elzen yn it doarp. "It is knap gong. De plysje hat in pear kear lâns west en alles wie stil en rêstich", konkludearre de boargemaster moandeitemoarn.

Earste nacht nei needferoardering ferrint rêstich yn Twizelerheide

Nettsjinsteande it feit dat it rêstich bleau op it fjild, is Brouwer net te sprekken oer it feit dat der in needferoardering oan te pas komme moast. "Eins is it 'waardeloas' dat it sa moat. Mar it gong saterdeitejûn folslein mis. Ik bin der sels by west en ik telde op in bepaald stuit wol sechtich minsken op it fjild. It fjoer waard hieltyd grutter en minsken begongen mei guod te slepen. Der wie in soad kabaal, in protte drank, mar ek it allerswierste fjoerwurk. Cobra's wienen der neat by. Doe ha wy sein: dit kin net mear. Dit is fierstente gefaarlik."

Brief fan de boargemaster

Brouwer naam it beslút om hurdhannich yn te gripen. It fjild waard troch de ME ûntromme en Brouwer kundige in needferoardering ôf. "Wy snappe wol dat dit ek foar de jeugd in ferskriklik minne tiid is. Mar dit giet fierstente mâl. Dit is net wat it doarp wol. Wy woenen it behearsber hâlde, mar spitich genôch koe it net oars. Fan sa'n tritich minsken dy't op it fjild stienen, binne de nammen bekend. Dêr sille wy ek noch wat mei dwaan. Dy krije in brief fan my."

Oant 4 jannewaris

De needferoardering duorret oant en mei 4 jannewaris. "Wy witte dat de brannen meastentiids oant en mei de jierwiksel oan de gong binne. Dêrnei sjogge wy oft it langer nedich is. Mar it wichtichste is dat it foar de doarpsbewenners rêst jout. Dat hoopje ik echt."

Foto: RTVNOF

Boargemaster Oebele Brouwer oer de needferoardering

(Advertinsje)
(Advertinsje)