Ferrassing ûnder blompot yn Harns: ein briedt 17 einepykjes út

21 des 2020 - 08:39

Sa oan de ein fan it jier is der gelokkich sa no en dan ek noch moai nijs. Sa fûnen de bewenners fan in hûs oan de Zeemunnik yn Harns in bysûndere ferrassing ûnder in blompot yn harren tún. Dêr siet in ein op mar leafst 17 lytse einepykjes.

Foar de tiid fan it jier is dat hiel útsûnderlik en boppedat fierstente kâld. De bisteambulânse Dier in Nood hat de mem en har kroas nei in waarmer en feiliger plak brocht. De 17 einepykjes en harren mem kinne de winter trochbringe yn de Fûgelpits yn Moddergat.

Foto: Dier in Nood

Meiwurker Rinaldo Korst fan de Fûgelpits

Trefwurden: 
Harns Fûgelpits einepykjes
(Advertinsje)
(Advertinsje)