Kollum: "New York"

21 des 2020 - 08:15

"Wy ha thús in daalders plakje. Neat te kleien. In wier paradys. En yn coronatiid in moaie fakânsjebestimming foar freonen út 'e Randstad. Mar stadichoan betraapje ik mysels op fantasyen oer fiere oarden. Nei ús kampeartrip yn eigen eftertún, wat geweldich wie dêr net fan, lonket it bûtenlân. Oare taal, oare minsken en oar iten.

Foto: Janneke de Haan

De toan fan Janneke de Haan

Juster hie ik it mei in freondinne oer in foarnimmen út 'e studintetiid: foar ús jubileum in tripke nei New York. Al kin dat fansels no net, past it hielendal net by myn duorsume foarnimmens en bin ik in bytsje benaud foar fleanen, ik soe daliks de koffers pakke en yn 't earste it bêste fleantúch nei de States springe. Dan plantsje ik as kompensaasje wol in pear beammen.

New York, New York. Central Park, it Moma en de Brooklyn Bridge. Ik swimelje der al hielendal by fuort en moat tinke oan de kear dat ik earder in New York wie. Yn in oar libben, mei myn eks- freon en syn famylje. No wiene dy nochal fan de lúkse, dus dat waard net in Airbnb earne yn The Bronx, mar in poepsjyk hotel oan Times Square. It wie ein novimber en New York wie kompleet yn krystsfear. Oeral glinsterjende fersiering en in skitterjende iisbaan foar Rockefeller Center. No is krystfersiering ien fan myn guilty pleasures. Wat kitsch-iger, wat better. Ik koe myn lol wol op!

De eks-skoanfamylje hold fan djoere klean. It waard oerenlang slinterjen oer 5th Avenue lâns Gucci en Chanel. Der waard neat past ûnder de 400 dollar. Ik as earme studint hie mear mei de twaddehânsk boetykjes yn Brooklyn, mar prima, ik kuiere der wol wat efteroan. It iennige dat ik kocht, wienen UGG's, dêr't ik tsien jier lang op omtoffele ha en dy't foarich jier troch ús hûn Eddy, ta blydskip fan myn freon, opfretten binne.

Lunchtiid. Ik wit it noch goed, it wie in restaurant mei in sniewyt ynterieur. It wie drok. Net mei klanten, der siet gjin kop, mar mei personiel. Frjemd. De New Yorkers wiene fêst betide iters. De kaart waard brocht en der kaam in ober mei in grutte truffel lâns. Allegear mochten we efkes rûke. Nijsgjirrich geurke. Der waard risotto fan makke, fertelde de man grutsk. Ik wie benijd en myn eks-skoanmem ek, dus wy gongen derfoar.

De risotto smakke beslist net ferkeard, mar wie wol wat machtich. Ik die wat ik eartiids as bern ek altyd die: krekt sa lang prakke en hinne en wer skowe dat it noch mar in lyts hoopke like. Ik hie ek hielendal gjin nocht om hjir lang oan tafel om te hingjen, New York wachte! Lokkich bestelde gjinien in neigerjocht. Gau noch efkes nei it húske en dan de stêd wer yn.

Mar doe't ik werom kaam, hong der in nuvere stimming. As wie der wat bard. Gjinien dy't wat sei. Hiene se wurden hân? Op strjitte kaam ik derachter. De rekken hie mear as 1000 dollar west! En dat kaam troch myn risotto. Ik hie in risotto fan mar leafst 320 dollar iten. En it slimste; foar hast 50 dollar fan myn board wie yn it jiskefet bedarre.

Wat ik hjirfan leard haw? Dat ik skielk op it freondinnetripke nei New York in dikke beurs meinim. Mar it belangrykste: dat in oare freon (en skoanfamylje) better by my past. Ientsje dy't net fan lúkse, mar fan houthakke, fikky stoke en fan âlde camperkes hâldt. En dat in boardsje selsmakke makaroany by in wyldkampeartrip like lekker smakket as in risotto fan 320 dollar."

(Advertinsje)
(Advertinsje)