Auto bedarret yn de sleat by Feanwâlden

In bestjoerster is yn de nacht fan snein op moandei mei de skrik frijkaam nei't se mei har auto yn de sleat belâne by Feanwâlden. It ûngelok barde krekt nei fjouwer oere oan it Bûtefjild. De frou koe sels út de auto klimme en stie al yn de berm te wachtsjen doe't de brânwacht en plysje kamen.
© De Vries Media
Helptsjinsten waarden manmachtich oproppen, wêrûnder de traumahelikopter. Doe't bliken die dat de frou sels út de auto klom wie, koe de traumaheli werom stjoerd wurde. De frou is troch ambulânsepersoniel behannele. De auto is troch in berger út it wetter teakele.