Auto's komme yn botsing yn drokte by krystdoarp Ljouwerter Wielenpôlle

20 des 2020 - 20:28

Op de Langdeelstraat yn Ljouwert binne sneintejûn ferskate auto's op inoar botst. De strjitte wurdt op it stuit brûkt as oanrydrûte foar it krystdoarp yn de wyk de Wielenpôlle. Dit soarge ek sneintejûn wer foar files.

Foto: Kappers Media

Ien frou is troch it ambulânsepersoniel kontrolearre. It is net bekend hoe slim oft har ferwûningen binne.

Trefwurden: 
Ljouwert Wielenpolle
(Advertinsje)
(Advertinsje)