Van Hecke baalt fan ferlies: "Een van de matigste wedstrijden dit seizoen"

20 des 2020 - 18:21

Ien fan de minste wedstriden fan it seizoen, sa omskriuwt Jan Paul van Hecke it 1-2 ferlies fan Hearrenfean tsjin Heracles Almelo sneintemiddei. Neffens de ferdigener giene de Feansters dan ek "vrij kansloos" ûnderút.

Jan Paul van Hecke baalt nei it ferlies tsjin Heracles Almelo

Hearrenfean hope nei twa minne earste helten tsjin PSV en Vitesse no ris skerp oan de wedstriid te begjinnen. Mar dat slagge net, seach ek Jan Paul van Hecke. "Als je gelijk al 0-1 achter komt loop je meteen achter de feiten aan. Dat is niet scherp beginnen."

Minste wedstriid fan it seizoen

Ek yn de twadde helte gie it fuort mis. "Dan ga je volle moed de tweede helft en en dan krijg je na twee minuten al de 0-2 tegen." It spul fan de Feansters like nearne op, seit de ferdigener. "Ik vond ons vandaag heel matig, dat moeten we veel beter doen. Het is gewoon heel zuur dat je hier thuis verliest terwijl dat helemaal niet nodig is."

Neffens Van Hecke spile Hearrenfean snein ien fan har minste wedstriden oant no ta. "Ik denk dat dit één van de matigste wedstrijden is dit seizoen, zeker als je ziet hoe weinig kansen we creëren. Zeker omdat je nu vier keer gelijkgespeeld hebt, dan ga je vol voor de overwinning. Als je dan vrij kansloos verliest is dat niet goed."

Trainer Johnny Jansen

Ek trainer Johnny Jansen wie min te sprekken nei de wedstriid. "Van de week hebben we op de training echt goede dingen gedaan, een plan gemaakt zoals je de eerste tien minuten wil starten. Daar heb ik veel te weinig van gezien, het was veel te slordig."

Bal op 'e hân

Dat nei ôfrin bliken die dat Burgzorg by de 0-1 de bal mei de hân meinaam, seit Jansen net folle. "Dat is hartstikke teleurstellend dat dat niet is gezien, maar daar koop ik helemaal niks voor. Ik baal van de momenten waarin we niet goed waren, we hebben gewoon te weinig gecreëerd."

Dochs wie it net allinnich mar min nijs, fynt de Feanster. "Je hebt wel momenten gehad dat we dichtbij kwamen of weer in de wedstrijd kwamen. Het is ook niet zo dat Heracles ons van de mat voetbalde, maar het was niet goed genoeg."

Joey Veerman nei SC Hearrenfean - Heracles Almelo

(Advertinsje)
(Advertinsje)