Oprop Henk de Jong helpt net: mear as 100 Cambuur-supporters fiere winterkampioenskip

20 des 2020 - 18:02

In groep fan tusken de hûndert en twahûndert Cambuur-supporters hat him sneintejûn sammele yn de omjouwing fan it Cambuur Stadion. De supporters fierden dat de klup sneintemiddei wûn hat fan Excelsior Rotterdam en nei de earste seizoenshelte boppe-oan stiet. In grutte groep hold him dêrby net oan de jildende coronamaatregels. By it feest waard ek in soad fjoerwurk ôfstutsen. It feestje duorre tusken de 30 en 45 minuten.

In wurdfierder fan de plysje sei dat der gjin arrestaasjes dien binne, mar dat de plysje wol de bylden besjen sil om "achteraf te kunnen handhaven op zowel bestuurlijk als strafrechtelijk vlak". De oertrêders hawwe mooglik in boete yn it foarútsjoch.

Cambuur-trainer Henk de Jong die earder op snein fia de sosjale media-kanalen fan de klup noch de oprop om thús te bliuwen.

Trefwurden: 
Ljouwert SC Cambuur
(Advertinsje)
(Advertinsje)