FIDEO: Carla de Bruine spilet 'oardelmetersesje' yn 100-jierrich Woudagemaal

20 des 2020 - 17:39

Yn de Fryske Top 100 1,5 meter sesje fan dizze wike is Carla de Bruine te gast by presintator Willem de Vries yn it Woudagemaal. Se is bekend wurden troch har rol en liet yn it teäterstik 'It Kollumer Oproer'.

FIDEO: Carla de Bruine spilet 'oardelmetersesje' yn 100-jierrich Woudagemaal

It liet 'Hoe't it fielt' fan Carla kaam yn 2019 op nûmer 27 binnen yn de Fryske top 100. Dit jier is se belutsen by de film oer Grutte Pier fan Steven de Jong en song dêrfoar it liet 'Skriem om my'. It is in cover dy't se hielendal nei har eigen hân set hat. "Ik kin sa lekker myn gefoel yn beide nûmers kwyt", seit se yn petear mei Willem de Vries. Mei pianist Ruben bringt se beide nûmers yn in spesjale 1,5 meter útfiering.

Ofrûne wiken dienen Iris Kroes en Piter Wilkens harren 1,5 meter sesjes út it hûndert jier âlde Woudagemaal op De Lemmer wei. Spesjaal foar de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân spilen sy, en takom snein noch in Fryske artyst, harren hit en tip.

Miskien ynspirearret it dy, om dyn stim foar de list oan harren te jaan op www.frysketop100.nl. Genietsje yn elk gefal fan de magyske sfear wêryn't de sesjes opnommen binne!

De Fryske top 100 is op âldjiersdei op radio, telefyzje en online te folgen. De útstjoering begjint om seis oere moarns en duorret oant seis oere jûns. Stimme kin oant en mei twadde krystdei op www.frysketop100.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)