Boargemaster Brouwer slút fjild yn Twizelerheide mei needferoardering

20 des 2020 - 17:05

Yn ferbân mei de oerlêst yn Twizelerheide is der sûnt sneintemiddei in needferoardering foar it fjild oan de Elzen yn it doarp. Boargemaster Oebele Brouwer fan de gemeente Achtkarspelen hat hjir ta besletten.

Foto: De Vries Media

"We binne juster (sneon, red.) konfrontearre mei in earnstige foarm fan oerlêst op it fjild oan de Elzen yn Twizelerheide. Dit giet om oantaasting fan de iepenbiere oarde, wêrûnder lûdsoerlêst, groepsfoarming, swier fjoerwurk, in soad rommel en alkoholgebrûk. De groep ferpest it foar oare ynwenners, dy't harren wol oan de regels hâlde", sa seit de boargemaster.

De oerlêst yn it doarp fynt al langer plak. Ofrûne wiken is der in soad oerlis west mei de plysje, de BOA fan de gemeente en belutsenen yn it doarp om de situaasje yn de hân te hâlden. Der is ûnder oaren ôfsprutsen om net by elk ynsidint yn aksje te kommen, mar sneon is it dus wol wer mis gien.

De needferoardering is naam yn oerlis mei de plysje en it Iepenbier Ministearje en is al yngien. It gebiet is alle dagen tusken middeis healwei fiven en moarns healwei njoggenen ferbean terrein. Dit wurdt mei buorden oanjûn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)