Sander Arends Nederlânsk kampioen sûnder yn aksje te kommen

20 des 2020 - 17:00

Ljouwerter tennisser Sander Arends is sneintemiddei foar de fjirde kear yn syn karriêre Nederlânsk kampioen yn it dûbeldspul wurden. Arends hoegde dêrfoar net yn aksje te kommen. Tsjinstanner Botic van de Zandschulp rekke yn de finale fan it inkeldspul blessearre. Dêrtroch koe hy ek net mear yn aksje komme yn de finale fan it dûbeldspul, en dus wie de titel automatysk foar Arends en syn maat Matwé Middelkoop.

Foto: Henk Koster

Opfallend wie dat ek de damesdûbeldfinale net trochgean koe troch in blessuere. Of sa't de algemien direkteur fan tennisbûn KNLTB it by de priisútrikking sei: "Deze finaledag past misschien wel heel goed in het coronajaar 2020."

Tennisje yn in lockdown

Foar Ljouwerter Arends wie it in apart kampioenskip. "Ik ben blij dat we, ondanks de lockdown, toch dit toernooi konden spelen. Maar de bubbel was heel klein, er mochten geen coaches of familie mee. Als spelers moesten we ons een uur voor de wedstrijd melden, en na afloop moesten we meteen weer weg. Heel apart."

Arends en Middelkoop hiene yn de kwartfinale fan it NK wûn fan Igor Sijsling en Glenn Smits (6-4 6-2). Yn de heale finale wiene se sneon mei 6-4 6-3 te sterk foar Jesper de Jong en Tim van Rijthoven. It is foar Arends de fjirde Nederlânske titel yn it dûbeldspul. De Ljouwerter waard earder kampioen yn 2018 (mei Middelkoop) en 2019 (mei David Pel). Ofrûne simmer wiene Arends en Pel ek de bêste yn de bûtenloft.

Fokus op 2021

Foar de Nederlânsk kampioen giet no de fokus op 2021. In seizoen dêr't hy oan begjinne moat mei in nije trainer en in nije dûbeldmaat. Twa wike ferlyn hakke Arends de knoop troch om ôfskied te nimmen fan Gerard van Hellemondt en maat David Pel: "Dit toernooi was eigenlijk de start van de voorbereiding op het nieuwe seizoen. Daarvoor zit ik nu tussen wal en schip. Met een betere speler kan ik de hogere toernooien inkomen, en anders moet ik het jaar beginnen op het tweede niveau, in de challengers. Maar het doel is de stap richting top-50 te maken, en dan moet je soms keuzes maken."

In foarbyld fan in spiler dy't heger op de wrâldranglist stiet is Matwé Middelkoop. It plan is om takom jier in pear toernoaien te spyljen mei inoar, mar dat liket ienfâldiger dan it is. "We kunnen het goed vinden met elkaar, zowel op als naast de baan. We hebben in het verleden twee keer Wimbledon gespeeld, we hebben ook wel eens samen een ATP-finale gehaald. Alleen hij staat zo'n 40 plekken hoger op de wereldranglijst, dus je kan niet elk toernooi samen spelen. Dus die belangen lopen een beetje uit elkaar, maar we gaan zeker kijken wat we samen kunnen gaan doen."

Nederlânsk kampioen Sander Arends

Trefwurden: 
Sander Arends tennis
(Advertinsje)
(Advertinsje)