Froulju fan SC Hearrenfean slute 2020 ôf mei nederlaach tsjin PSV

20 des 2020 - 16:28

De froulju fan SC Hearrenfean hawwe sneintemiddei ferlern fan PSV. Yn Eindhoven wûn de nûmer twa fan de earedifyzje mei 2-0 fan de Friezinnen.

Foto: Orange Pictures

De thúsploech kaam al betiid yn de wedstriid op foarsprong. Kayleigh van Dooren kaam nei in foarset fan de rjochterkant ôf allinnich foar de keeper en skoarde.

Yn de 67e minút brocht Joëlle Smits mei in doelpunt de marzje op twa. Fiif minuten foar de ein hie Tiny Hoekstra noch wol in kâns op de 2-1, mar har skot kaam yn de hannen fan de keepster telâne. De Friezinnen slute 2020 dêrtroch ôf mei in nederlaach.

Fiifde plak

Troch it ferlies stiet Hearrenfean no mei tsien punten út njoggen wedstriden op it fiifde plak yn de kompetysje. De Fryske froulju moatte by de earste fjouwer einigje om kâns te hâlden op it lânskampioenskip. Op dit stuit stiet ADO Den Haag mei fjirtjin punten út njoggen wedstriden op dat plak.

Pas op 12 febrewaris stiet de folgjende kompetysjewedstriid foar Hearrenfean op it programma. Op Sportpark Nijehoarne is ADO Den Haag dan de tsjinstanner.

PSV - SC Hearrenfean 1-0 (2-0): 17' 1-0 Kayleigh van Dooren, 67' 2-0 Joëlle Smits.

Opstelling SC Hearrenfean: Okken; Kerkhof (77' Tuin), Duppen, Van der Veen, Altelaar (71' Douma); Van Ginkel, Philippo, Dewey (88' Van der Veen); Hoekstra, Van de Ven, Van de Westeringh (77' Van Dijk).

(Advertinsje)
(Advertinsje)