Matich Hearrenfean yn eigen hûs ûnderút tsjin Heracles Almelo

20 des 2020 - 16:24

Sportklup Hearrenfean hat sneintemiddei yn eigen hûs ferlern fan Heracles Almelo. De Feansters, dy't yn de lêste minuten mei tsien man kamen te stean, spilen matich en kamen dêrtroch net fierder as 1-2.

Veerman en Veerman bale nei de 0-2 - Foto: Orange Pictures

Mei Rami Hajal yn de ploech, dy't syn debút yn de basis makke, besocht Hearrenfean nei fjouwer kear in lykspul wer ris trije punten te pakken. De Feansters stiene lykwols nei fiif minuten al efter, doe't Delano Burgzorg nei min ferdigenjen fan Hearrenfean de bal fan tichtby efter Erwin Mulder lizze koe.

Hearrenfean kaam dêrnei stadichoan better yn de wedstriid. De earste grutte kâns wie foar Henk Veerman, dy't nei in goeie pass fan Joey Veerman hurd úthelje koe en de peal rekke. De rebound fan Hajal strânne yn de Almelose ferdigening. It spul fan de ploech fan Johnny Jansen wie fierder net sekuer genôch om in lykmakker ôf te twingen.

Heracles rap op 0-2

Dêr't Hearrenfean gewoanwei better spilet yn de twadde helte, wie it ditkear Heracles dat goed úteinsette. De besikers krigen nei trije minuten in hoekskop, dy't troch Mats Knoester yn it doel wurke waard: 0-2.

Hoewol't it fjildspul nearne op like, kamen de Feansters nei goed in oere ynienen werom yn de wedstriid. In baltsje werom fan Kongolo kaam terjochte by Joey Veerman. De middenfjilder skeat fan bûten it sechtjinmetergebiet hurd yn de fiere hoeke en tekene sa foar de 1-2.

Hearrenfean wurdt wekker

Troch it oanslutingsdoelpunt like Hearrenfean ynienen wer wekker. De passing waard wat better en it koe hieltyd mear gefaar foar it doel fan Janis Blaswich bringe. Sa ferspile ynfaller Oliver Batista Meier in grutte kâns en kaam Joey Veerman mei in skot fan ôfstân tichtby syn twadde.

Heracles waard yn de counter lykwols ek noch in pear kear gefaarlik. Doe't Adrian Szoke allinnich op it doel ôfgie, kaam Mulder út. De doelman miste lykwols de bal. Pawel Bochniewicz koe mei in oertrêding in doelpunt foarkomme, mar de Poal krige wol read.

Achtste

Yn de slotminuten besocht Hearrenfean noch lyk te kommen, mar ta in kâns kaam de ploech fan Johnny Jansen net mear. Hearrenfean bliuwt troch it ferlies op it achtste plak yn de earedifyzje stean mei 20 punten. Woansdei slut Hearrenfean it jier ôf mei in útwedstriid tsjin Feyenoord.

SC Hearrenfean - Heracles Almelo 1-2 (0-1). 6. Burgzorg 0-1, 48. Knoester 0-2, 58. J. Veerman 1-2.

Opstelling SC Hearrenfean: Mulder; Woudenberg, Bochniewicz, Van Hecke, Floranus; Kongolo (58/Batista Meier), J. Veerman, Hajal; Van Bergen (71/Dresevic), H. Veerman, Nygren (58/Llanez).

(Advertinsje)
(Advertinsje)