Cambuur slút 2020 ôf mei muoisume winst op Excelsior

20 des 2020 - 14:08

Sportklup Cambuur is sneintemiddei winterkampioen fan de earste difyzje wurden troch te winnen fan Excelsior. Op Woudestein waarden de Rotterdammers mei 0-1 ferslein.

Foto: Orange Pictures

Yn it begjin fan de lêste wedstriid fan it jier moast Cambuur foaral ferdigenje. Mei flugge tsjinoanfallen besochten de Ljouwerters foar gefaar te soargjen, en nei goed tsien minuten slagge dat fia Issa Kallon. De rappe bûtenspiler gie de djipte yn en joech de bal ôf oan Giovanni Korte. Syn foarset op Robert Mühren waard troch de spits knap yn de fiere hoeke kopt: 0-1.

Beide ploegen spilen oanfallend, mar dat soarge yn de earste helte net mear foar problemen by doelmannen Sonny Stevens en Alessandro Damen.

Yn 'e oanfal

Nei it skoft besocht Cambuur rap de 0-2 op it skoareboerd te krijen. Yn de 53e minút kaam Mees Hoedemakers dêr al tichtby, doe't de middenfjilder de bal by de middenstip oppikte, it fjild oerstuts en skeat. Syn skot rekke lykwols de peal.

Ek Mühren besocht it twa kear, mar beide kearen koe in Excelsior-ferdigener de spits fan skoaren ôfhâlde. Mear as in kâns fan Reuven Niemeijer, dy't de peal rekke, en in skot en kopbal fan Elias Ómarsson tsjin Stevens oan koe Excelsior dêr net tsjinoer sette.

Hoewol't Cambuur dus de bêste kânsen hie, slagge it de Ljouwerters net mear om in twadde doelpunt te meitsjen. Ek Excelsior, dat yn de lêste minuten Sonny Stevens noch wol in pear kear oan it wurk sette koe, kaam lykwols net mear ta skoaren.

Winterkampioen

Troch de winst is Sportklup Cambuur no krystkampioen fan de earste difyzje. Dat siet der al oan te kommen, omdat de ploech fan Henk de Jong in folle better doelsaldo hat as nûmer twa Almere City. Dy ploech spilet foar de winterstop noch wol tsjin Jong PSV en kin foar de winter dus op trije punten komme.

Excelsior - SC Cambuur 0-1 (0-1). 13. Mühren 0-1,

Opstelling SC Cambuur: Stevens; Sambissa (69/Bangura), Schouten (73/Kramer), Mac-Intosch, Schmidt; Paulissen, Hoedemakers, Jacobs (85/Maulun); Kallon (85/Breij), Mühren, Korte (69/Antonia).

(Advertinsje)
(Advertinsje)