Jupiter en Saturnus op koartste dei ticht by elkoar; sa ek te sjen yn Eise Eisinga Planetarium

20 des 2020 - 11:13

De planeten Jupiter en Saturnus stean moandei 21 desimber op hiel koarte ôfstân fan elkoar oan de stjerrehimel. De bysûndere stân is ek te sjen yn it Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer.

Foto: Combi Hommema, Franeker

Al sûnt ferline jier binne beide planeten sichtber yn it westen en bewege sûnt dy tiid mear nei elkoar ta. De 'samenstand' is op de koartste dei fan it jier tusken 17.00 en 18.00 oere it bêste te sjen.

Dy koartste ôfstân is sûnt 1226 net mear foarkaam. De folgjende kear is yn 2080. Jupiter draait yn sa'n 12 jier om de sinne, Saturnus docht der hast 30 jier oer. Yn werklikheid stean beide planeten hûnderten miljoenen kilometers fan elkoar ôf.

Yn it Eise Eisinga Planetarium is it model te sjen, dat Eise Eisinga tusken 1774 en 1781 yn syn wenkeamer boude. Dêryn bewege alle himellichems neffens werklikheid. Elke dei jout syn model de aktuele situaasje wer en sa is ek de nauwe gearstân fan Jupiter en Saturnus oan it plafond te sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)