Pop-up ophelpunt foar delikatessen yn Grou

20 des 2020 - 11:00

Mei wat kreativiteit en âlderwetske Hollânske keapmansgeast is it foar net-essinsjele winkels yn Grou dochs mooglik produkten te ferkeapjen. Kroecheigener Marcel Oost kaam mei it idee fan saneamde 'Afhaalhoreca' doe't dúdlik waard dat hy syn doarren noch lang ticht hâlde moat.

Pop-up ophelpunt foar delikatessen yn Grou

Mei wat er sels klearmakket, kin er de kroech net folje. Dêrom hat er ek oare ûndernimmers yn it wettersportdoarp benadere. "Je kunt het natuurlijk zelf inkopen, maar we zitten samen in deze ellende. Dus ik heb contact gezocht met andere winkeliers die wel en niet open zijn. Dan doen we dit samen en dat is toch wel het mooiste dat er is."

Marcel Oost sylt mei de tydlike winkel krekt lâns de râne fan de wet. Hy hat kontakt hân mei de gemeente Ljouwert en dy fûn it goed as der mielpakketten ferkocht en ôfhelle wurde. "Daarom is alles hier te combineren. Zo krijg je heerlijke maaltijden."

It tydlike ophelpunt is noch iepen oant en mei 24 desimber.

(Advertinsje)
(Advertinsje)