Boargemaster Van der Zwan oer demonstraasje: "Hier kan ik met mijn verstand niet bij"

20 des 2020 - 09:35

"Hier kan ik met mijn verstand niet bij", sei boargemaster Van der Zwan oer de minsken dy't sneontejûn demonstrearren tsjin de lockdown yn it sintrum fan It Hearrenfean. "We zitten in de hoogste risicofase, met 60 coronadoden per dag en meer dan tienduizend besmettingen. Iedereen wordt gevraagd zich te gedragen om het virus in te dammen en dat mensen daar dan zo gevolg aan geven is natuurlijk waardeloos."

Foto: Omrop Fryslân

Der wie gjin tastimming frege foar de byienkomst, mar de plysje liet it earst ta. Boargemaster Van der Zwan hat sels ek west te sjen. "Coronaproof demonsteren mag in overleg, maar dit was niet aangekondigd. Dit was geen demonstratie, meer een illegaal evenement, met een biertje erbij en vuurwerk. Mensen hielden zeker geen anderhalve meter afstand. Dit kan echt niet."

De demonstraasje wie net oankundige, wol hie de gemeenten wat pamfletten sjoen. Der wie ek net in organisaasje dy't se oansprekke koenen. "We hebben meteen gezegd tegen de mensen dat ze zich moesten verwijderen omdat ze geen afstand hielden." Dy romte waard de minsken jûn. "Binnen een dik uur was het afgelopen."

Boargemaster Van der Zwan

(Advertinsje)
(Advertinsje)