Hearrenfean nei Emmen foar bekertoernoai; froulju lotsje thúswedstriid tsjin Ajax

19 des 2020 - 23:15

SC Hearrenfean spilet yn de achtste finale fan it bekertoernoai in útwedstriid tsjin FC Emmen. En as Hearrenfean dy wedstriid wint, spylje se de kwartfinale thús. Wa't dat de tsjinstanner wurdt, is noch net dúdlik.

Foto: Orange Pictures

De lotting foar de kommende wedstriid fan it KNVB bekertoernoai hie minder geunstich útpakke kind foar Hearrenfean. De Friezen steane op dit stuit achtste yn de earedifyzje. Emmen stiet stiif ûnderoan.

Der dogge allinne noch ploegen mei út de eare- en de earste difyzje. It fuotbalbûn KNVB hat alle amateurklups út it bekertoernoai helle, omdat amateurs fanwege it coronafirus net spylje meie.

De achtste finales fan de beker wurde spile fan tiisdei 19 oant en mei tongersdei 21 jannewaris 2021. It is noch net dúdlik op hokker dei Hearrenfean nei Emmen moat.

In gielblau baltsje wie der net. Sportklup Cambuur is tongersdeitejûn yn it eigen stadion útskeakele yn de KNVB beker. De Ljouwerters giene doe mei 1-2 ûnderút tsjin Go Ahead Eagles.

Der is ek lotte foar de kwartfinale fan it frouljustoernoai. De froulju fan Hearrenfean spylje thús tsjin Ajax. Dy wedstriid is op 5, 6 of 7 febrewaris.

Foar spylster Kirsten van de Westeringh is dat in bysûndere wedstriid. Se spilet pas koart by Hearrenfean, en komt by Ajax wei. "Dit wordt een mooie wedstrijd", sei se by FOX. "Ik had liever in de finale tegen mijn oude club gespeeld, maar dit is altijd mooi."

(Advertinsje)
(Advertinsje)