Swier fjoerwurk knalt by coronademonstraasje op It Hearrenfean

Tsientallen minsken ha yn it sintrum fan It Hearrenfean by mekoar west om te demonstrearjen tsjin de lockdown. Se smieten mei swier fjoerwurk. De plysje hie in part fan it sintrum ôfsletten.
© Omrop Fryslân
It lûd fan de demonstraasje op It Hearrenfean
It gong om in groep fan ûngefear 80 minsken. Dy holden har net oan de coronaregels. Op in poster sei de organisaasje fan de demonstraasje fantefoaren op te kommen foar 'de vrijheid'. "KOM IN VERZET" stie der yn haadletters boppe.
Oan it begjin fan de demonstraasje wie de sfear rêstich, mar geandewei de jûn waard it grimmitich. Neffens in wurdfierder fan de gemeente wie der gjin tastimming foar de demonstraasje. De demonstranten hiene yn it foar gjin melding makke by de gemeente.
De demonstraasje waard holden op de dei dat de ryksoerheid it risikonivo yn Fryslân opskaalt nei 'zeer ernstig', fanwege de rappe taname fan it oantal coronabesmettingen. Dat is it heechste risikonivo. It jildt no yn it hiele lân.
Om kertier oer achten hinne rôp de organisaasje fan de demonstraasje minsken op op nei hûs te gean, en oer in wike wer werom te kommen. Net elkenien joech dêr fuortendaliks gehoar oan. In healoere letter kaam der mear plysje. Doe gongen de demonstranten nei hûs.