Heechste risikonivo 'zeer ernstig' jildt no yn Fryslân

19 des 2020 - 23:00

It risikonivo yn Fryslân giet fan 'ernstig' nei 'zeer ernstig'. Dat blykt út it 'coronadashboard' fan de Ryksoerheid. 'Zeer ernstig' is it heechste risikonivo. Dat jildt no yn it hiele lân.

In testlokaasje foar it coronafirus yn Drylts - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De opskaling nei 'zeer ernstig' hat te krijen mei de rappe taname fan it oantal coronabesmettingen. Omdat der sûnt foarige wike yn it hiele lân in strange lockdown jildt, hat de opskaling gjin konsekwinsjes foar de maatregels.

Tal nije besmettingen naderet rekôrhichte

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 288 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. It totale oantal besmettingen op ien dei hat mar ien kear heger west. It oantal nije besmettingen is al fjouwer dagen grutter as 200. Freed waarden der 211 besmettingen meld.

De druk op de soarch is sa heech, dat it Antonius sikehûs yn Snits 70 persint fan de plande operaasjes útstelt. Fierder ôfskale kin net, seit bestjoersfoarsitter Marcel Kuin. Oare sikehûzen skale de soarch ek ôf. Se neame de sitewaasje 'soarchlik'.

Minister De Jonge bepaalt

It risikonivo yn in gebiet wurdt bepaald troch minister Hugo de Jonge. Yn prinsipe giet in regio fan 'ernstig' nei 'zeer ernstig' as der yn ien wike mear as 250 positive testútslaggen binne op 100.000 ynwenners. Der wurdt ek sjoen nei oare ynformaasje, lykas de snelheid dêr't it oantal nije besmettingen mei tanimt, de effektiviteit fan it boarne- en kontaktûndersyk, en hoe goed oft de maatregels neilibbe wurde.

'Zeer ernstig' is it heechste risikonivo (4). De oare nivo's binne 'ernstig' (3), 'zorgelijk' (2) en 'waakzaam' (1).

Zeer ernstig: Strenge, landelijke maatregelen zijn noodzakelijk om verdere escalatie te voorkomen. Er zijn zeer veel mensen besmettelijk en het dagelijks aantal nieuwe besmettingen is hoog.

Het bron- en contactonderzoek is niet meer effectief, waardoor het zicht op de verspreiding van het virus beperkt is. Maatregelen worden onvoldoende nageleefd. De regionale zorgcapaciteit is onvoldoende en een deel van de reguliere zorg is al afgeschaald.

Boarne: coronadashboard.rijksoverheid.nl

It risikonivo wurdt net samar wer ferlege. Dêrfoar sil net allinne sjoen wurde nei it oantal nije besmettingen, mar ek nei de kapasiteit fan de soarch. As it oantal nije besmettingen ôfnimt, kin de soach noch altyd te krijen ha mei in grut oantal pasjinten dat noch werstelle moat fan it coronafirus. En it personiel moat ek de kâns krije om wer 'op adem' te kommen. Dat meldt de Ryksoerheid.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)